Svoboda | Graniru | BBC Russia | Golosameriki | Facebook
Transfiguration pending
Springe nei ynhâld

Koersk

Ut Wikipedy
Koersk
Курск
Hûs fan de Sovjets.
Hûs fan de Sovjets.
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Stedsyndieling 3 distrikten
Sifers
Ynwennertal 436.678 (2024)
Oerflak 208,2 km²
Befolkingsticht. 2289,27 ynw./km²
Hichte 250 m
Oar
Tiidsône UTC+3
Simmertiid UTC+4
Koördinaten 53° 45' N 36° 9' E
Offisjele webside
Offisjele webside
Kaart
Koersk (Jeropeesk Ruslân)
Koersk

Koersk (Russysk : Курск) is in stêd yn it west fan 'e Russyske Federaasje. It is de haadstêd fan 'e oblast Kursk en de stêd leit op it plak dêr't de rivieren de Tûskar en Sejm gearrinne op likernôch 100 kilometer fan 'e Oekraynske grins.

West fan 'e stêd leit in meteorytkrater mei in diameter fan 5,5 kilometer.

Koersk waard om 980 hinne as fêsting stifte en waard yn 1032 foar it earst neamd yn 'e kroniken. Argeologyske opgravings jouwe lykwols oan dat it al sûnt op syn minst de 5e iuw f.Kr. in delsetting bestie op it plak fan de hjoeddeiske stêd. De namme Koersk is nei alle gedachten ôflaat fan it rivierke Koer, dy't yn 'e Tûskar útmûnet, mar yn 'e folksetymology is it keppele oan it wurd koeropatka, dat nei de fûgel patriis referearret.

Yn 1237 waard de stêd folslein ferneatige troch de Mongoalen, mar Koersk wie al yn 1283 wer opboud. Fan 1360 oant de ein fan 'e 15e iuw hearde Koersk by it Gruthartochdom Litouwen. Yn 'e 16e en 17e iuw foel Kursk ûnder Moskousk bewâld. In nij fort waard yn 1596 boud. Oan it begjin fan 'e 17e iuw waard de stêd ferskate kearen oanfallen troch Poalsk-Litouwske legers, Krim-Tataren en Nogajs.

Koersk yn 1910.

Yn 'e jierren 1860 waard Koersk in wichtich spoarknooppunt, wêrmei't de stêd him ta in yndustrieel sintrum ûntjoech.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Koersk fan 4 novimber 1941 oant 8 febrewaris 1943 troch de nazy's beset. De Slach by Koersk, yn wie yn july 1943 ûnderdiel fan ien fan 'e lêste Dútske offinsiven oan it Eastfront. Nei de oarloch waard de stêd wer opboud en ûnstiene nije yndustriële bedriuwen.

Koersk is in wichtige yndustrystêd. De wichtichste ekonomyske sektoaren binne izerbewurking, gemyske yndustry en fiedselproduksje. Yn 'e omkriten fan 'e stêd is de lânbou benammen wichtich. Koersk leit yn it fruchtbere gebiet mei de swarte ierde.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koersk hat in grut tal monuminten, teäters, tsjerken, kleasters en musea. It neamen wurdich binne fral it Krasnaja- of Reade Plein fan Koersk, de Katedraal fan it Teken, de monuminten dy't de oerwinning fan 'e Slach by Koersk betinke, de Sergius-Kazankathedraal, de Tsjerke fan 'e Himelfeart fan 'e Hear, de katolike Marije-Himelfarttsjerke en de Serafimtsjerke.

  • Serafim fan Sarov (1759-1833), Russysk hillige
  • Kazimir Malevitsj (1879-1935), skilder
  • Aleksandr Dejneka (1899-1969), keunstner
  • Georgi Sviridov (1915-1998), komponist
  • Konstantin Vorobjov (1919-1975), skriuwer
  • Jevgeni Nosov (1925-2002), skriuwer
  • Nina Otkalenko (1928-2015), atleet
  • Aleksandr Rûtskoi (1947), politikus
  • Valeri Tsjaplygin (1952), hurdfytser
  • Aleksandr Povetkin (1979), Olympysk kampioen, bokser
  • Tolmachevy Sisters, Maria en Anastasia (1997), sjongduo en winners fan it Junior Eurovisy Songfestival 2006
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Koersk fan Wikimedia Commons.