Svoboda | Graniru | BBC Russia | Golosameriki | Facebook
Springe nei ynhâld

Ban Ki-moon

Ut Wikipedy
Ban Ki-moon (2004)

Ban Ki-moon (Chungju, Chungcheongbuk-do, 13 juny 1944) is in Súd-Koreaanske diplomaat en politikus dy't earder minister fan Bûtenlânske Saken en Hannel wie fan syn lân.

Fan 1 jannewaris 2007 oant en mei 31 desimber 2016 wied er sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Hy wie de opfolger fan Kofi Annan. Dêrmei is Ban de achtste sekretaris-generaal op rige.

Op 9 oktober 2006 hat de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes unanym Ban foardroegen as nije sekretaris-generaal foar in tiidrek fan fiif jier, rinnend fan 1 jannewaris 2007 oant 1 jannewaris 2012. Nei de weromlûking fan de Letske Vaira Vīķe-Freiberga, ien fan de lêste oerbleaune kandidaten, wie de nominaasje fan Ban noch mar in formaliteit. De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes hat op 13 oktober 2006 syn oanstelling offisjeel goedkard. Op 14 desimber 2006 lei Ban de amtseed ôf.

Op 21 juny 2011 waard Ban Ki-moon unanym fannijs keazen troch de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes dêr 't er in twadde amtsperioade mei yngie, einigjend op 31 desimber 2016.

Ban Ki-moon waard op 1 jannewaris 2017 opfolge troch de Portugees António Guterres.

Foardat er minister wie ferfolle er ferskate oare politike en diplomatike funksjes. Sa wie er ûnder oare ambassadeur yn Eastenryk en ek earder wurksum yn ferskate funksjes by de Feriene Naasjes. Yn 2018 krige er oan de RUG in earedoktoraat foar syn bydragen oan it klimaatakkoart fan Parys en waard er beneamd ta foarsitter fan de Global Commission on Adaptation, mei in fêstiging yn Grins en Rotterdam.

Ban Ki-moon sprekt floeiend Ingelsk en Frânsk. Hy is troud en hat trije bern. Hy is in oanhinger fan it Kristlik leauwen mar neffens eigen sizzen net oansletten by in Tsjerke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Ban Ki-moon


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: