Svoboda | Graniru | BBC Russia | Golosameriki | Facebook
Springe nei ynhâld

Shannen Doherty

Ut Wikipedy
Shannen Doherty
akteur
Shannen Doherty yn 2011.
Shannen Doherty yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shannen Maria Doherty
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 april 1971
berteplak Memphis (Tennessee)
stoarn 13 july 2024
stjerplak Malibu (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Skotsk
Ulstersk
jierren aktyf 19812024
offisjele webside
www.shannen-doherty.net

Shannen Doherty (útspr.: [ˈʃænɨn ˈdoʊərti], likernôch: "sjen-nun doo-ur-ty"; folút: Shannen Maria Doherty; Memphis, 12 april 1971 - Malibu, 13 july 2024) wie in Amerikaansk aktrise, dy't as jong famke yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren al yn 'e westernsearje Little House on the Prairie spile, en yn 'e 1990-er jierren ynternasjonale bekendheid krige mei rollen yn 'e jeugdsoap Beverley Hills 90210 en de fantasysearje Charmed. Njonken har karriêre as aktrise wie Doherty ek aktyf as regisseur, tillefyzjeprodusinte, presintatrise en autobiografysk skriuwster. Hja kaam yn 2024 mei 53 jier te ferstjerren oan boarstkanker.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shannen Doherty waard yn 1971 berne yn Memphis, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, as de dochter fan Tom Doherty, in hypteekadviseur, en dy syn frou Rosa, de eigneresse fan in skientmesalon. Oan har heite kant wie se fan Iersk komôf, en oan har memme kant hie se mingd Ingelsk-Skotsk-Ulstersk bloed. Se waard grutbrocht as lid fan 'e Súdlike Baptistekonvinsje (SBC).

Shannen Doherty mei Jason Priestley (dy't har broer spile yn Beverly Hills 90210) yn augustus 1991 by de útrikking fan 'e Emmy Awards.

Doherty wie as bern al aktyf as aktrise, mei gastroltsjes yn tillefyzjesearjes as Voyagers! en Father Murphy. Op har alfde, yn 1982, krige se in fêste rol as Jenny Wilder yn it njoggende seizoen fan 'e populêre westernsearje Little House on the Prairie. Dat hie hja te tankjen oan 'e ynfloed fan akteur/produsint Michael Landon, dy't ek de produsint fan Father Murphy wie. Doherty makke diel út fan 'e cast fan 'e rige oant dy yn 1983 beëinige waard. Ek spile se yn 'e op 'e searje basearre tillefyzjefilms Little House: Look Back to Yesterday (1983), Little House: Bless All the Dear Children (1984) en Little House: The Last Farewell (1984). Neitiid hie se gastroltsjes yn ôfleverings fan û.o. de detektivesearje Magnum, P.I. en de aksjesearje Airwolf.

Yn 1985 spile Doherty in rol yn 'e komyske jeugdfilm Girls Just Want to Have Fun, mei Helen Hunt en Sarah Jessica Parker yn 'e haadrollen. En fan 1986 oant 1988 fertolke se de rol fan 'e teenagedochter Kris Witherspoon yn 'e dramasearje Our House, oer in widdo mei twa minderjierrige bern dy't by har skoanheit ynlûkt, dy't ek widner is. Dy searje waard yn Nederlân útstjoerd troch de EO). Foar de rol fan Kris Witherspoon waard Doherty nominearre foar in Young Artist Award. Har earste grutte rol yn in spylfilm hie se yn 1989 yn Heathers.

Grutte, wrâldwide bekendheid krige Doherty troch de jeugdsoapsearje Beverly Hills, 90210, fan produsint Aaron Spelling, dy't yn 1990 úteinsette. Dêryn fertolke se fjouwer seizoenen lang, oant 1994, de rol fan 'e falske Brenda Walsh, wêrfoar't se yn 1993 in Young Artist Award wûn. Har ôfwêzigens út 'e searje soe oarspronklik mar in jier duorje, mar se kearde nea werom, en de rol fan falsk frommes waard neitiid oernommen troch Tiffani-Amber Thiessen as nijynkommeling Valerie Malone. Yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich aktearre Doherty benammentlik yn tillefyzjefilms, al hie se yn 1994 in cameo as harsels yn 'e hilaryske filmkomeedzje Naked Gun 33⅓: The Final Insult, en spile se yn 1995 ek de haadrol yn 'e spylfilm Mallrats.

Shannen Doherty yn 2008.

Yn 1998 krige Doherty op 'e nij in haadrol yn in tige súksesfolle searje fan Aaron Spelling, diskear as Prue Halliwell, de âldste fan trije susters dy't ûntdekke dat hja heksen binne, yn 'e fantasytillefyzjesearje Charmed. Foar dy rol waard se twaris (yn 1999 en 2000) nominearre foar in Saturn Award. Njonken har aktearjen regisearre se ek in pear ôfleverings út 'e searje. Se ferliet Charmed yn 2001, oan 'e ein fan it trêde seizoen, nei't der grute wurdt om't se net mear troch ien doar koe mei har kollega Alyssa Milano, dy't Phoebe Halliwell spile, de jongste fan 'e trije susters. Har fuortgean makke de dea fan har personaazje needsaaklik, en ek de yntroduksje fan in nij, ferfangend personaazje (spile troch Rose McGowan). It hiele spul soarge boppedat foar rûzje tusken Doherty en produsint Spelling.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 presintearre Doherty in seizoen lang it ferburgenkameraprogramma Scare Tactics foar it Amerikaanske tillefyzjekanaal Sci Fi Channel, en fan 2006 ôf produsearre en presintearre se har eigen realitysearje, Breaking Up with Shannen Doherty. As aktrise hie se yn 2001 in cameo yn 'e filmkomeedzje Jay and Silent Bob Strike Back en fan 2004 oant 2005 in weromkearende rol as Alexandra Hudson yn 'e tillefyzjesearje North Shore. Yn 20082009 kearde Doherty fjirtjin jier nei dato nochris werom yn har rol fan Brenda Walsh, as spesjale gaststjer yn acht ôfleverings fan 'e nije searje 90210, in soarte fan remake fan Beverly Hills, 90210. Neffens de berjochten waard har dêr $40.000 oant $50.000 de ôflevering foar betelle.

Yn 2010 die Doherty mei oan 'e Amerikaanske ferzje fan it realitytillefyzjeprogramma Dancing with the Stars, mar waard al yn 'e twadde wike nei hûs ta stjoerd. Yn 2011 wurken sy en har ferloofde Kurt Iswarienko, mei oan it realityprogramma Shannen Says, dêr't de planning fan harren oankommende brulloft yn beljochte waard. Yn 2015 makken Doherty en har eardere Charmed-suster Holly Marie Combs in realitysearje oer in autoreis troch de súdeastlike Feriene Steaten: Off the Map with Shannen & Holly. Yn 2016 joech Doherty har yn in weromkearende rol by de cast fan 'e minysearje Heathers, dy't basearre wie op 'e film mei deselde namme dêr't se yn 1989 yn spile hie. Har rol wie dy fan 'e mem fan ien fan 'e 'Heathers' fan 'e nije generaasje.

Doherty (rj.) yn septimber 2011mei kollega's Brian Austin Green (m.) en Wilson Cleveland (l.).

Yn 2019 spile Doherty op 'e nij de rol fan Brenda Walsh yn 'e seisdielige minysearje BH90210, wêryn't de hiele eardere cast fan Beverly Hills 90210 wer byinoar helle waard. Itselde jier hie se in rol yn 'e film Undateable John, mei as tsjinspilers û.o. Daryl Hannah, Tom Arnold en Margaret Cho. Yn 2021 spile Doherty de rol fan brigadegeneraal Barbara Dobbs yn 'e film Fortress, mei Jesse Metcalfe, Bruce Willis, Chad Michael Murray en Kelly Greyson. Omreden fan 'e beheinings dy't fanwegen de oangeande koroanapandemy oplein wiene oan bioskoopbesyk, wie dy film mar yn in beheind tal bioskopen te sjen foar't er troch filmstudio Lionsgate Films fierder fia video-on-demand ferspraat waard. Njonken har film- en tillefyzjekarriêre wie Doherty fan 2023 oant har ferstjerren ek aktyf as podcaster mei Let's Be Clear with Shannen Doherty en House of Halliwell.

Doherty troude op 11 oktober 1993 mei Ashley Hamilton, de soan fan akteur George Hamilton, mar dat houlik einige yn april 1994 al yn in skieding. Se wertroude yn 2002 mei Rick Solomon, mar liet dat houlik sân moannen letter, yn 2003, annulearje. Op 5 oktober 2011 troude se foar de trêde kear, diskear mei fotograaf Kurt Iswarienko. Yn april 2023 frege Doherty op 'e nij in skieding oan, dy't yn juny 2024 hast definityf wie. Neffens de berjochten beklage Doherty har der yn juridyske dokuminten oer dat Iswarienko besocht it skiedingsproses op te rekken sadat er gjin alimintaasje hoege soe te beteljen oan 'e terminaal sike Doherty.

Doherty yn 2015.

Oan skandalen ûntbriek it Doherty nea, dy't bekend stie as in bad girl. Yn har jierren yn Beverly Hills 90210 krige se yn 'e media in reputaasje fanwegen min hâlden en dragen dy't jierrenlang oan har klibjen bleau. Tusken 1992 en 1994 smulden de rabbersblêden fan oanhâldende berjochten oer heechoprinnende rûzjes op 'e set fan 'e jeugdsearje. Fral Doherty har saneamde fete mei kollega-aktrise Jennie Garth waard breed útmetten. Under har tiid yn Charmed waard it der net better op fanwegen har minne relaasje mei kollega Alyssa Milano.

Ek waard Doherty yn jannewaris 1993 oanklage troch de United Bank of California, mei't de aktrise neffens harren foar $36.000 by har yn it read stie. Yn 2001 waard Doherty feroardiele om't se mei drank op efter it stjoer siet; se krige tsien dagen finzenisstraf of tweintich dagen taakstraf mei trije jier op betingst, en dêrnjonken noch in jildboete fan $1.500.

Doherty makke it der yn it kekene Amearika net better op troch harsels trijeris neaken fotografearje te litten foar in fotoreportaazje yn it neakenblêd Playboy: earst yn desimber 1993, doe yn maart 1994 en krapoan tsien jier letter nochris yn desimber 2003.

Yn novimber 2018 baarnde de filla fan Doherty yn it Kalifornyske Malibu ôf by de Woolseybrân, in grutte natoerbrân.

Sykte en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2016 waard der boarstkanker by Doherty fêststeld, dat doe al útsiedde wie nei de lymfeklieren. Yn maaie fan dat jier waarden har boarsten ôfset en dêrnei ûndergie hja gemoterapy en radioterapy. Op 29 april 2017 waard se troch de dokters "skjin" ferklearre. Mar yn febrewaris 2020 makke Doherty bekend dat har sykte yn 'e rin fan 2019 wer weromkommen wie. Yn juny 2023 fertelde se dat de kanker útsiedde wie nei har harsens en dat har tastân terminaal wie, en yn novimber fan dat jier bliek it ek yn har bonken te sitten. Nei in lêste opbetterjen yn it earste healjier fan 2024 kaam Shannen Doherty op 13 july 2024 yn har hûs yn Malibu te ferstjerren yn 'e âldens fan 53 jier.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1981 Father Murphy Drusilla Shannon gastrol; ôfl. By the Bear That Bit Me (diel 1 & 2)
1982 The Phoenix lyts famke gastrol; ôfl. One of Them
1982 Voyagers! Betty Parris gastrol; ôfl. Agents of Satan
1982–1983 Little House on the Prairie Jenny Wilder fêste rol yn seizoen 9
1983 Little House: Look Back to Yesterday Jenny Wilder tillefyzjefilm
1983 Magnum, P.I. Ima Platt gastrol; ôfl. A Sense of Debt
1984 Little House: Bless All The Dear Children Jenny Wilder tillefyzjefilm
1984 Little House: The Last Farewell Jenny Wilder tillefyzjefilm
1984 Airwolf Phoebe Danner gastrol; ôfl. Bite of the Jackal
1985 Robert Kennedy and His Times Kathleen Kennedy minysearje
1985 The New Leave It to Beaver Laurie gastrol; ôfl. Steppin' Out
1985 The Other Lover Alson Fielding tillefyzjefilm
1985 Highway to Heaven Shelley Fowler gastrol; ôfl. The Secret
1987 Alf Loves a Mystery de dame yn 't read tillefyzjefilm
1986–1988 Our House Kris Witherspoon fêste rol
1989 21 Jump Street Janine gastrol; ôfl. Things We Said Today
1990 Life Goes On Ginny Green gastrol; ôfl. Corky's Crush
1990–1994 Beverly Hills, 90210 Brenda Walsh fêste rol yn seizoen 1–4; gastrol yn ôfl. Wild Fire
1991 Forever Young feestfierend famke tillefyzjefilm
1992 The Secret of Lost Creek Jeannie Fogle minysearje
1992 Obsessed Lorie Brindel tillefyzjefilm
1993 Freeze Frame Lindsay Scott tillefyzjefilm
1993 Saturday Night Live harsels as presintatrise en yn in gastrol; ôfl. Shannen Doherty/Cypress Hill
1994 Blindfold: Acts of Obsession Madeleine Dalton tillefyzjefilm
1994 A Burning Passion: The Margaret Mitchell Story Margaret Mitchell tillefyzjefilm
1994 Jailbreakers Angel Norton tillefyzjefilm
1996 Gone in the Night Cyndi Dowaliby tillefyzjefilm
1997 Friends 'Til the End Heather Romley tillefyzjefilm
1997 Sleeping with the Devil Rebecca Dubrovich tillefyzjefilm
1997 The Ticket CeeCee Reicker tillefyzjefilm
1998–2001 Charmed Prue Halliwell fêste rol yn seizoen 1–3; regisseur ôfl. Be Careful What You Witch For,
The Good, the Bad, and the Cursed en All Hell Breaks Loose
2000 Satan's School for Girls Beth Hammersmith / Karen Oxford   tillefyzjefilm
2001 Another Day Kate tillefyzjefilm; ek útfierend produsinte
2002 The Rendering Sarah Reynolds tillefyzjefilm
2002 Hell on Heels: The Battle of Mary Kay Lexi Wilcox tillefyzjefilm
2003 Nightlight Celeste Timmerman tillefyzjefilm; ek bekend as View of Terror
2003 Scare Tactics harsels as presintatrise (seizoen 1)
2004–2005 North Shore Alexandra Hudson weromkearende rol; 11 ôfl.
2005 Category 7: The End of the World Faith Clavell tillefyzjefilm
2005 Love, Inc. Denise Johnson pilotôflevering; nea útstjoerd
2006 Breaking Up with Shannen Doherty harsels as presintatrise; ek útfierend produsinte
2007 Christmas Caper Kate Dove tillefyzjefilm
2008 Kiss Me Deadly Marta tillefyzjefilm
2008 The Lost Treasure of the Grand Canyon Susan Jordan tillefyzjefilm
2008 Defunct Fanny Thornton tillefyzjefilm
2008–2009 90210 Brenda Walsh weromkearende rol yn seizoen 1; 7 ôfl.
2009 Encounter with Danger Lori tillefyzjefilm
2010 Dancing with the Stars harsels dielnimmer oan seizoen 10
2010 Growing the Big One Emma Silber tillefyzjefilm
2010 The Spin Crowd harsels gastrol; ôfl. Should I Stay or Should I Go?
2010 Mari-Kari Mari / Kari as stimaktrise
2011 Les Anges de la téléréalité harsels Frânske realitytillefyzjesearje; spesjale gastferskining yn seizoen 3: I Love New York
2011 Suite 7 Adrienne gastrol; ôfl. Company; ek regisseur en produsinte fan 'e ôfl. Company en Captive Audience
2012 Witchslayer Gretl Gretl tillefyzjefilm
2012 Shannen Says harsels realitytillefyzjesearje oer har oankommende brulloft; ek útfierend produsinte
2012 The New Normal Brenda Walsh / harsels gastrol; ôfl. The XY Factor
2014 All I Want for Christmas Brenda Patterson tillefyzjefilm
2014 Blood Lake: Attack of the Killer Lampreys Cate Parker tillefyzjefilm
2014 Borgore & Sikdrope: Unicorn Zombie Apocalypse   nijslêzeresse koarte film
2015 Off the Map with Shannen & Holly harsels realitytillefyzjesearje; ek útfierend produsinte
2016 Rock in a Hard Place Janice pilotôflevering
2018 No One Would Tell Laura Collins tillefyzjefilm
2018 Heathers frou Dean / dokter Destiny weromkearende rol; 4 ôfl.
2019 BH90210 harsels / Brenda Walsh minysearje; ek ko-produsinte
2019 Riverdale strâne automobiliste gastrol; ôfl. Chapter Fifty-Eight: In Memoriam
2021 Dying to Belong Katherine tillefyzjefilm
2021 List of a Lifetime Diana Carroll tillefyzjefilm
films
1982 The Secret of NIMH Teresa Brisby as stimaktrise
1982 Night Shift Bluebird
1985 Girls Just Want to Have Fun Maggie Malone
1989 Heathers Heather Duke
1994 Almost Dead Katherine Roshak
1994 Naked Gun 33⅓: The Final Insult harsels cameo
1995 Mallrats Rene Mosier
1997 Nowhere Val-Chick #2 cameo
1999 Striking Poses Gage Sullivan
2001 Jay and Silent Bob Strike Back harsels cameo
2010 Burning Palms dokter Shelly
2016 Back in the Day Maria
2017 Bethany Susan ek filmprodusinte
2019 Undateable John Charlene
2021 Fortress brigadegeneraal Barbara Dobbs
2022 Hot Seat plysjekommissaris Pam Connelly
2024 Darkness of Man Vivian
202? How to Make a Deal with the Devil de duvel postúm útbrocht
202? Bukowski de jonge Katherina Bukowski postúm útbrocht

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.